Doarpen bondelje krêften

© Omrop Fryslân
De doarpen Blauhús, Wolsum, Westhim en Greonterp wolle de krêften bondelje. Tiisdei presintearren de doarpen harren doarpsfisy foar de lange termyn oan it gemeentebestjoer fan Wymbritseradiel.
Der is keazen foar ien takomstplan om't belangrike saken lykas it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens en rekreative foarsjennings alle 4 doarpen oangiet.