23 tips oer misbrûk famkes

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei 23 tips krige yn 'e misbrûksaak fan twa Drachtster famkes. It televyzjeprogramma Opsporing Verzocht joech omtinken oan dizze saak.
De famkes fan 12 en 13 jier binne op 17 april slim seksueel misbrûkt. Dat wie op it terrein tichtby jachthaven De Drait. De dieders is sawat 20 jier âld en hat donkerbrún/swart heallang krolhier. De plysje wurket mei 13 man oan 'e saak.