Keninklike famylje bliuwt thús

23 apr 2001 - 00:00

De Keninklike famylje giet op Keninginnedei definityf net nei Drinte. Dit om fierdere fersprieding fan it tongblierfirus te foarkommen. Der is gjin alternatyf programma foar de Oranjes.

De Keninklike famylje sil no yn 2002 op Keninginnedei nei Meppel en Hoogeveen. De NLTO en it CDA hiene de Keninginne earder al frege om dit jier net te kommen. Dat fersyk is no honorearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)