Himmelwike úteinset
Wethâlder Hafkamp hat moandei yn Ljouwert op bysûndere wize de himmelwike ynlet. Yn Ljouwert sil dizze wike hûnderten bern smoargens ophelje.
Hafkamp 'iepene' in jiskefet by it Excelsiorbankje oan de Dokkumer Ie. Foar de minsken yn 'e buert wie dat in heuchlik momint. Se ha nammentlik fiif jier om in iepenbier jiskefet frege.