Veronicaskip ferfart

23 apr 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Ljouwert moat it tenei dwaan sûnder it Veronicaskip. It âlde sendskip fan de eterpiraat is moandei ôfset nei Urk. It hat jierrenlang by it FEC yn Ljouwert lein as 'feestskip'.

De boat giet no earst nei Urk ta. Dêr giet er de werf op foar ûnderhâld. Yn Antwerpen sil de boat dêrnei oan syn safolste libben begjinne, dit kear as diskoromte.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)