Nije ferkearsregel te betiid

23 apr 2001 - 00:00

In protte gemeenten binne noch net klear foar de nije ferkearsregel dy't op 1 maaie yngiet. Alle bestjoerders fan rjochts ha dan foarrang op lykweardige krusings. Dat freget om oanpassings, mar faak binne dy noch net útfierd.

Yn Frjentsjer koenen twahûndert skoalbern moandei alfêst wenne oan de nije regeling. Harren ferkearseksamen waard ôfnaam neffens 'de nije wet'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)