Moaie sjochsifers Omrop Fryslân

23 apr 2001 - 00:00

De TV-útstjoerings fan Omrop Fryslân lutsen yn de dagen nei de tongblierútbraak yn Dongeradiel folle mear sjoggers as oars. Yn de wike fan 16-21 april hie Omrop Fryslân in deiberik fan 30 persint en in wykberik fan 64 persint.

Omrop Fryslân wie yn dy wike mei in merkoandiel fan 18.5 persint de stjoerder mei de measte sjoggers yn Fryslân. RTL4 stie op it twadde plak (17.8).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)