Tongbliergebiet woansdei iepen

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel hat bekendmakke dat de tongbliersônes om Ie en Eanjum hinne woansdei om 6.00 oere iepensteld wurde. De needmaatregels wurde stadichoan opheft.
De AID ûndersiket oft de kadavers dy't sneon by in hobbyboer fûn binne, tongblier hawwe. By it romjen fan net oanmeld fee fûn de RVV in begroeven geit, lamke en in jonge pony.