Plysje siket tsjûgen

22 apr 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De plysje siket twa jonges dy't mooglik ynformaasje jaan kinne yn de saak fan it seksueel misdriuw tsjin twa Drachtster famkes.

Neffens in tsjûge wiene tiisdeitemiddei ien of twa jonges op it fytspaad nei de wyk De Trisken op in brommer oan it crossen. De jonges binne net fertocht, mar kinne mooglik nuttige ynformaasje jaan. Se kinne har melde op 0900-8844.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)