Wichtige winst ONT

© Omrop Fryslân
ONT hat sneon it degradaasjeduel tsjin Blau Wyt wûn. It waard 1-2. ONT miste yn de earste helte in penalty en seach yn de twadde helte koarte tiid tsjin in ûnterjochte 1-0 efterstân oan. Nauta en Van Wijk besoargen ONT de winst.
Yn de earste klasse E hat ONT no 22 punten, Blau Wyt 21 en meidegradaasjekandidaat Oranje Nassau 24. Der folgje noch 2 wedstriden.