Fryske mbo's skoare wol goed
De Fryske skoallen foar middelber beropsûnderwiis skoare in dikke foldwaande. De Friese Poort en it Friesland College binne koartlyn mei goed gefolch troch de ynspeksje trochljochte.
Minpuntsje wie de proseduere om de eksamens hinne. Dy kin better, mar dat jildt foar alle mbo's yn it lân. Yn in ûndersyk dizze wike waard de suggestje wekt dat alle mbo's te min binne.