'Ie en Eanjum moandei wer iepen'

© Omrop Fryslân
De sletten gebieten om Ie en Eanjum hinne geane mooglik moandei wer iepen. 72 oeren nei de lêste rommings troch de RVV sil de streek wer frijjûn wurde.
De ferwachting is dat de RVV uterlik freed klear is mei it romjen fan fee yn Dongeradiel. Freedtemiddei prate de boargemasters fan Dongeradiel, Dantumadiel en Kollumerlân mei RVV en it ministearje fan LNV oer it wer 'iepenjen'.