Fûgelpits kin neat dwaan

© Omrop Fryslân
De Fûgelpits yn Eanjum kin yn ferbân mei de tongblier gjin oaljeslachtoffers opfange. De meiwurkers fan it fûgelopfangsintrum kinne neat dwaan om't it sintrum yn de 2-kilometersône leit.
Frou Wiersma fan de Fûgelpits hat help frege fan De Fûgelhelling yn Oerterp. Se ferwachtet dat in soad oaljeslachtoffers op de strannen oanspiele. De sike bisten wurde foarearst yn Oerterp holpen.