Firus komt mooglik út Olst
It tongblierfirus is mooglik fia Olst yn Fryslân bedarre. It firus dat yn Ie en Eanjum fûn is, is identyk oan it firus dat fûn is by bisten yn Olst. It firus is wol wat oars as dat yn Oene.
Dat binne de konklúzjes dy't ID Lelystêd lûkt nei DNA-ûndersyk. It ûndersyk is dien omdat it noch hieltyd in riedsel is hoe't de tongblier yn Fryslân útbrekke koe.