Provinsjehûs bliuwt op âlde plak

© Omrop Fryslân
It provinsjehûs bliuwt op itselde plak yn Ljouwert. Dat hawwe Provinsjale Steaten woansdei besletten. Yn alle fraksjes wie grutte ferdieldheid, mar úteinlik keas in twatredde mearderheid foar de hjoeddeistige lokaasje.
De steaten namen in amendemint oan om sawol nijbou as renovaasje te ûndersykjen. Dêrnei sille de Steaten in definityf beslút nimme.