Provinsje stipet FUEN-kongres

© Omrop Fryslân
Deputearre Steaten lizze 10.000 gûne op it kleed foar it FUEN-kongres, ein maaie op It Hearrenfean. De organisaasje is yn hannen fan de Ried fan de Fryske Beweging. Der wurde 250 minsken ferwachte.
FUEN is in frijwilligersorganisaasje yn ferskate Europeeske regio's dêr't in minderheidstaal praat wurdt. Doel is de regio's mei-inoar yn kontakt te bringen. Dit jier is it yn Fryslân.