Bom op Skylger strân

17 apr 2001 - 00:00

De Eksploasiven Oprommingstsjinst (EOD) hat tiisdei op it strân fan Skylge in bom ta ûntploffing brocht. De saneamde 'fleanende bom' datearret nei alle gedachten út 'e Twadde Wrâldkriich.

De bom waard tiisdeitemoarn ûntdutsen. Neffens de EOD wie de lading al wei. Mar foar de wissigens hawwe se it eksplosyf dochs mar daliks ûnskealik makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)