Frachtwein en printers stellen

17 apr 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It ôfrûne wykein binne yn Stiens in frachtwein en inkele tsientallen printers stellen. De frachtwein stie parkeard by in garaazjebedriuw en is nei alle gedachten brûkt om de stellen printers te ferfieren.

De dieven ha de printers út in oare frachtwein stellen. Dy auto stie op in ôfsletten bedriuweterrein klear foar in rit nei Skandinavië.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)