Boeren hâlde militêren tsjin

© Omrop Fryslân
De Sudermiedenwei by Hallum is ôfsletten nei blokkades mei trekkers en auto's fan boeren. Dy woene militêr ferkear fan de loftmachtbasis nei Eanjum ta net mear by har hûs lâns hawwe. De auto's soene net goed ûntsmet wêze.
Nei de protesten hat de gemeente de dyk ôfset. De boeren wolle mei de blokkade ek protestearje tsjin it ôfmeitsjen fan sûne bisten.