'Homeopaty helpt net'

© Omrop Fryslân
Intsjen is de iennige wize om it tongblierfirus te bedimjen. Homeopaty allinne helpt net. Dat fine de homeopatyske bistedokters oansluten by de Nederlandse Maatschappij voor Diergeneeskunde.
Guon biologyske boeren sjogge previntyf tatsjinjen fan arsenikum en boaraks as in goed alternatyf. Boer Oosterhof fan Drachten hat oanwizings dat it helpt. Eksport fan fleis is dan ek mooglik.