Der wurdt romme yn Dongeradiel

16 apr 2001 - 00:00

It romjen fan fee op de 75 pleatsen yn de 2 kilometersônes by Ie en Eanjum is op Peaskemoandei wer úteinset. It giet yn Dongeradiel noch hieltyd om twa tongbliergefallen.

Fan de twa fertochte gefallen by Ie en Eanjum is noch hieltyd gjin útslach. De útslach wurdt net earder ferwachte as oan it ein fan 'e wike en dat jout de streek wer in 'bytsje' hope.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)