RKC-SC Hearrenfean: 1-1
SC Hearrenfean hat sneon lyk spile tsjin RKC út Waalwijk. Nei in 1-0 achterstân makke Van Loenhout pas yn de 83e minút de gelykmakker foar de Brabanners. Flak nei rêst hie Lurling al foar de Friezen skoard.
Sûnt de winterstop ha beide ploegen net mear ferlern. Yn de earste helte hienen de spilers lêst fan de sniestoarm.