Help en aksje foar tongblierboer

© Omrop Fryslân
Sa'n 12.000 minsken ha sneontejûn belle nei de televyzje-aksje foar boeren dy't troch tongblier troffen binne. Alle bellers seinen ta jild te jaan. Hoe grut oft dat bedrach is, is noch net bekend.
De tsjerken fan Stiens, Britsum, Koarnjum, Jelsum en Ljouwert tekenen snein protest oan tsjin it romjen fan fee. De leden sammelje hântekens en wolle dêrmei it ynintsjen by Brinkhorst ôftwingje.