Protest fan feedokters

15 apr 2001 - 00:00

Feedokters hawwe har nocht fan it nonfaksinaasjebelied fan de oerheid. Se sille tiisdei nei Den Haach om te protestearjen. Se biede lânbouminister Brinkhorst in petysje oan.

It deameitsjen fan sûne bisten giet tsjin it berop fan de dokters yn dy't krekt bisten better meitsje. 'Unbegryplik dat it faksin tsjin tongblier net brûkt wurde mei', seit feearts Hylkema.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)