NLTO: Keninginne net nei Meppel

© Omrop Fryslân
De NLTO fynt dat de fiering fan Keninginnedei dit jier yn Meppel en Hoogeveen net trochgean kin. Neffens de lânbou-organisaasje is it op dit stuit net ferantwurde om grutte minskekloften byelkoar komme te litten. Dat fanwege it gefaar fan fersprieding fan tongblier.
De útbraak yn Fryslân jout oan dat it firus noch net ûnder kontrôle is en dan moat gjin inkeld risiko nommen wurde.