Twadde Peaskedei ek romje

13 apr 2001 - 00:00

It fersyk fan boargemaster Cazemier fan Dongeradiel om op Twadde Peaskedei ek te romjen, is honorearre. Hy hie dêr it ministearje fan Lânbou om frege.

Om Ie en Eanjum hinne moatte mei-elkoar 75 bedriuwen romme wurde. Dat slagget net allegearre mear foar de Peaske. Earste Peaskedei, snein, wurdt as in rêstdei beskôge. Dan wurdt der net romme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)