Hieltyd mear gebieten ticht

13 apr 2001 - 00:00

Yn Fryslân wurde hieltyd mear gebieten ôfset en aktiviteiten annulearre fanwege tongblier. Sa is it waadrinnen ynearsten fan de baan. De sân waadrinorganisaasjes ha dat besletten yn oerlis mei LNV-Noard.

Ljouwert hat it Ljouwerter Bosk ôfset. Dêr wurde geregeld reeën sinjalearre. Weststellingwerf hat alle natuergebieten en in tal fytspaden sletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)