Ministearje befêstiget 2e gefal

© Omrop Fryslân
By Eanjum is definityf tongblier konstatearre. By Eanjum wurde 30 pleatsen romme, by Ie 37. Bedriuwen op in kilometer fan de besmettings wurde gau romme.
Yn de gebieten tusken de ien en twa kilometer om de besmette bedriuwen hinne sil earst inte wurde, om't foar de Peaskedagen net alles romme wurde kin. Neffens feeartsen binne der noch net mear fertochte gefallen.