Beurs bang foar fallisemint

© Omrop Fryslân
De Lauwersbeurs giet nei alle gedachten fallyt. De beurs foar bedriuwen yn Noardeast-Fryslân soe tongersdei yn Bûtenpost iepen gean. Troch de tongblier giet dat net troch.
De organisaasje rûzet de skea earst op in heal miljoen. Dat wurdt wierskynlik heger, om't dupearre ûndernimmers kleems yntsjinje by de organisaasje. Oare wike praat de organisaasje mei de gemeente.