Koart tongbliernijs

12 apr 2001 - 00:00

Ynwenners fan Eanjum ha tongersdeitemoarn op grutte skaal hamstere. Yn de supermerk yn it doarp wiene om alve oere gjin fleis, bôle of molke mear te krijen. Oan it ein fan de middei wie it guod wer te krijen.

De Kollumer Krante komt freed mei in spesjale tongblieredysje foar it troffen gebiet. De krante wurdt hûsoan-hûs ferspraat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)