Jouster riedslid omkommen

12 apr 2001 - 00:00

By in ferkearsûngemak is woansdeitemiddei de 59-jierrige hear Woudstra fan De Jouwer omkommen. Hy wie foar D66 lid fan de gemeenterie fan Skarsterlân.

Woudstra ried op de Terhernsterdyk op de Heerensylbrêge ôf en seach net dat de brêge iepen gie. Hy ried troch de slachbeam en botste tsjin de iepen brêge oan. Hy is op it plak sels ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)