Trije yngongen besmet gebiet

12 apr 2001 - 00:00

Der binne trije plakken dêr't minsken it gebiet dat op slot sit fanwege tongblier, noch yn en út kinne. Dat is by Ie en Eanjum oan de Lauwersseewei en by Ingwierrum. Allinne bewenners fan it gebiet meie dêr lâns.

De trochgeande dyk nei Lauwerseach is noch al iepen. By de ôfslaggen steane kontroleposten. Bussen 50 en 52 geane net troch Eanjum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)