Tongblier ek yn Eanjum?

11 apr 2001 - 00:00

Op in feehâlderij yn Eanjum is woansdei in fertocht gefal fan tongblier fêststeld. It ministearje fan Lânbou hat dat befêstige. Tongerdei wurdt bekend oft it echt om de besmetlike feesykte giet.

De pleats leit yn 'e 4-kilometersône om it earste Fryske tongbliergefal yn Ie hinne. Nei alle gedachten wurde de sechstich kij tongersdei ôffierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)