'Utbraak is ramp' seit Nijpels

© Omrop Fryslân
Nijpels neamt de útbraak fan tongblier in grut drama. Foar de belutsen boeren is it in grutte ramp, sei de kommissaris fan de keningin. Tiisdeitenacht waard er op 'e hichte steld fan mooglike útbraak yn Ie, dy wie doe noch net befestige.
It provinsjaal krisisteam hat woansdei al oerlis hân. Der is praat oer hoe om te gean mei farwegen, wurk oan diken en eveneminten dy't mooglik net trochgeane.