Wizigings auto- en fleanferkear

11 apr 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It autoferkear nei de fearboaten yn Holwert en Lauwerseach wurdt omlaat om it tafersjochgebiet om Ie hinne. It is noch net dúdlik wat de gefolgen binne foar it toerisme op de Waadeilannen.

De Loftmacht hat besluten de leechfleanrûte oer it troch tongblier troffen gebiet foarearst net mear te brûken. Dit wurdt dien út meilibjen mei de troffen boeren.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)