Van Hall slút doarren

11 apr 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

It Van Hall ynstitút yn Ljouwert slút tongersdei de doarren fanwegen de útbraak fan tongblier. Alle studinten en meiwurkers dy't thús evenhoevige bisten ha en alle besikers moatte thúsbliuwe. De lokaasje yn Grins hat gjin ûnderwiis.

Van Hall nimt de maatregel om foar te kommen dat it firus fia de studinten ferspraat wurdt. Yn prinsipe is de skoalle tiisdei wer iepen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)