Streekkrante moat betelje

09 apr 2001 - 00:00

Streekkrante De Noordwesthoek moat 60.000 gûne betelje oan besoarger Interlanden Spreidgroep. Dat hat de Ljouwerter rjochter bepaald.

Oant no ta wegere de krante te beteljen om't de besoarging net goed wêze soe. As de krante net yn tsien dagen betellet dan freget de advokaat fan Interlanden faillisemint oan foar de krante. Dy wol yn heger berop gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)