Grut alarm by Oerterper brân

09 apr 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Yn Oerterp hat moandeitemoarn brân west by in doe-het-zelf-winkel. Der waard grut alarm slein, want de brân sloech oer nei de garaazje fan de buorlju. Dy garaazje stiet nêst de opslachloads fan de winkel.

Yn de loads soe hout, fjoerwurk en terpentine lizze. De brânwacht koe it fjoer beheine ta de garaazje. De fjoerwurkbunker bliek leech te wêzen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)