Fraude by restaurants

© Omrop Fryslân
Eigners fan pizzeria's, shoarmasaken en Sjineeske restaurants yn it noarden fraudearje op grutte skaal. It giet om belesting-, preemje- en útkearingfraude.
De helte fan de hoarekagelegenheden hâldt de boekhâlding sa min by, dat dy weardeleas is. Ien en oar blykt út ûndersyk fan plysje, oerheden en kontrôle-ynstânsjes. Ek de gruthannel krijt yn it rapport de wyn fan foaren.