Dûbeltsje net nei boeren

© Omrop Fryslân
It dûbeltsje dat oer in liter suvel hinne komt, giet net nei de boeren ta. Fan moandei ôf kostje molke, sûpe en jochert in dûbeltsje mear. As stipe foar de boeren, sa waard sein.
It docht no bliken dat de suvelfabriken it jild brûke foar ekstra kosten dy't se meitsje moatte, foar it ferneatigjen fan 'tongbliermolke'. Boeren ha foaral yndirekt foardiel fan de aksje.