Bitgum wol gjin dongferwurking

© Omrop Fryslân
Doarpsbelang Bitgum wol in juridysk adviseur ynskeakelje tsjin de komst fan in dongferwurking nei it doarp. Leanbedriuw Wassenaar hat dêr plannen foar. It bedriuw sit no noch yn Bitgummole, mar wol nei Bitgum ferhúzje.
Doarpsbelang Bitgum fynt dat de dongaktiviteiten te ticht tsjin it doarp oan komme te lizzen. De gemeente Menameradiel hat tiisdei in harksit oer de saak.