Blokkades Kootwijkerbroek

© Omrop Fryslân
Fryske ME'ers wurde mooglik ein dizze wike ynset yn Kootwijkerbroek. Lilke doarpsbewenners smite dêr blokkades op. Se wolle foarkomme dat de Rykstsjinst foar Fee en Fleis sûn fee ôffiert dat ôfmakke wurdt fanwege tongblier. Der moatte 197 pleatsen 'romme' wurde.
Fan 't wykein is it achttjinde tongbliergefal konstatearre. Fryslân is noch net troffen troch de sykte.