Essent Snits kâns op earedivyzje
De froulju fan Essent Snits pakten sneon de oerwinning fan 'e earste divyzje A. Se fersloegen yn Grins Lycurgus mei 3-1. De setstannen wiene 21-25, 14-25, 20-25 en 25-20.
Foar promoasje nei de earste divyzje moatte de Snitser folleybalsters no noch twa kear spylje tsjin de kampioen fan de earste divyzje B. Dat is de ploech Set Up '65 út Ootmarsum.