Protest tsjin bistelijen

07 apr 2001 - 00:00

In protestaksje tsjin bistelijen yn 'e hannel en bioyndustry hat sneon yn Hurdergaryp mar 25 dielnimmers lutsen. De tocht gie fan kultureel sintrum De Skalmei nei it winkelsintrum.

Trije ynwenners fan it doarp hiene de aksje op tou set. Se wolle de opfetting propagearje dat iten bêst wat mear kostje mei, as dêrmei bisten en it miljeu mear respekt krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)