Rendac: gefaar foar folkssûnens?

06 apr 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Mei ûnbegryp en fernuvere hat wethâlder Van Wees fan Tytsjerksteradiel reagearre op de útspraken fan minister Borst. De minister fan folkssûnens garandearre dat it wurk by destruksjebedriuw Rendac gjin gefaar foar de folkssûnens meibringt.

De wethâlder neamt dy útspraak 'stuitend' omdat de provinsje krekt in ûndersyk nei mooglike gefaren fan Rendac foar de folkssûnens docht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)