Gjin 'Posthotel' yn Ljouwert

06 apr 2001 - 00:00

De Ljouwerter ûndernimmer Jan Boomsma is slim teloarsteld yn de gemeente. Boomsma soe foar tsien miljoen gûne it âlde postkantoar oan de Twibaksmerk omtsjoene yn in monumintaal binnenstedshotel.

Ta syn ferbjustering hat Boomsma no fan amtners te hearren krigen dat it plan net trochgean kin, omdat de gemeente dêr gjin hoareka ha wol. ''Ljouwert mist wer in kâns'', mient Boomsma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)