Iepenhertoperaasjes yn MCL
Sikehûs MCL yn Ljouwert sil tenei ek iepenhertoperaasjes dwaan. Dat bart ûnder de paraplu fan it Akademysk Sikehûs yn Grins. Beide sikehuzen wolle sa de lange wachtlisten yn it Noarden werombringe.
It is de bedoeling dat it AZG operaasjekeamerpersoniel fan it MCL opliede sil yn de hertsjirurgy. Dy meiwurkers wurde dan al by har oplieding ynset.