Brânwacht yn aksje by jarrekolk

© Omrop Fryslân
Yn Rie ha tongersdeitemiddei problemen west mei in jarrekolk. Sa'n 700 kuub jarre driigde fuort te streamen, it boerehiem op.
Der wienen problemen mei de oansluting fan de jarrekolk, dy't net mear iepen of ticht woe. De brânwacht waard ynskeakele om de problemen op te lossen. Dûkers ha de jarrekolk yn west om it lek ticht te meitsjen.