Heerenveen keapet ferdigener
Fuotbalklub Heerenveen hat Marc Hegeman oanlutsen. De 24-jierrige Hegeman hat in kontrakt fan twa jier tekene, mei in opsje foar noch twa jier.
Hegeman spilet no noch by Emmen. Dêr kin er transferfrij wei. Hy is links en kin op ferskate posysjes yn de ferdigening opsteld wurde.