Doarp wol jildautomaat

05 apr 2001 - 00:00

Doarpsbelang Tsjummearum-Furdgum fiert aksje foar in jildautomaat. De bewenners fan de doarpen moatte no nei Seisbierrum of Frjentsjer ta as se jild helje moatte.

Twa jier lyn hat de Friesland Bank it doarp ferlitten. Neffens doarpsbelang hat de bank doe tasein dat der in automaat komme soe. Doarpsbelang ropt ynwenners op protestbrieven te skriuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)